Ik dreamde my in tún

Ik dreamde my in tún fan dy en my
dy’t djip en fredich wie, mei lange skaden.
Stokroas en himellof, fioeltsjes lâns de paden,
ik wie dêr faak, want do wiest tichteby.

Sliepdronken flear, heldhaftich yn syn striid,
lêste bewiis fan dwylsin en fan dreamen.
Hiel even mar en amper te beneamen,
rûkte ik soms in lang fergetten tiid.

En tsjin de hjerst, foar ‘t earste giel en brún
hiene wy bliid de ripe fruchten garre.
Yn reiden kuorren ha wy se bewarre,

sa wurken wy tegearre yn ús tún.
Kin men it libben mei in dream beswarre?
Finzen yn eigen ritme wurdt de seine harre.

Ik droomde mij een tuin

Ik droomde mij een tuin van jou en mij
die diep en vredig was, in schaduwen verscholen.
Stokroos en hemelsleutel, langs het pad violen,
ik was daar vaak, want jij was er dichtbij.

Slaapdronken vlier, heldhaftig in zijn strijd,
laatste bewijs van dromen en van roezen.
Heel even maar en amper te benoemen,
rook ik soms een lang vergeten tijd.

Vroeg in de herfst, voor het eerste geel en bruin
oogstten wij de vrucht met blijde handen.
We hebben haar bewaard in rieten manden,

zo werkten wij getweeën in de tuin.
Kan je het leven met een droom bezweren?
Hoor het slijphout de zeis dirigeren.

Baukje Wytsma (Reduzum, 1946) begon haar werkzame leven in het onderwijs. Sinds eind jaren zeventig is zij schrijfster van poëzie, kinderboeken, toneel, musicals en cabaret. Ook schrijft zij in opdracht liedteksten voor een gevarieerd aantal zangers, koren en voor muzikale evenementen in deze provincie. Zij was ook lange tijd werkzaam als freelance journalsite bij de Leeuwarder Courant en Friesland Post en als redactielid van het Fries cultureel maanblad De Strikel. Daarna werkte zij als redacteur in vaste dienst bij Utjouwerij Fryslân van de AFUK. Baukje Wytsma heeft een groot aantal publicaties op haar naam staan. Zo schreef zij onder meer negen gedichtenbundels en een groot aantal kinderboeken. In 2004 stond zij met haar jeugdbundel Lokaal 13 op de internationale Ybby Honourslist. In 2007 ontving zij de Friese Anjer van het Prins Bernhard Cultuurfonds, een prijs die jaarlijks wordt toegekend aan een persoon, instelling of vereniging die zich bijzonder heeft ingezet voor de Friese Cultuur in de breedste zin van het woord.

Poëzie:
1980 : Noch ien slach om ’e buorren (1982, 2e útwreide printinge), 1984 : It blau fan de Hortinsje, 1987 : Heech gers, 1989 : By ljochtskyndei, 1993 : In see fan wetter, 1997 : Thúslûd, 2001 : Kom mei in koer, 2005 : De dichter swijt, 2010 : Sân Wylgen

Kinderboeken:
1976 : Romke Timen Tomke en oare opsizferskes (2e printinge 1978), 1978 : De rare richelroek en oare opsizferskes, 1981 : De groetnis fan Anne, 1982 : Flintertútsjes, 1987 : Disse en Jinge en frou Hilarides (mei Akky van der Veer, muzyk Jaap Oosterwyk, tekeningen LauraTietjens: Berneboekegeskink nûmer 1), 1987 : Heechterp en it geheim fan de stien (mei oare Fryske skriuwers), 1988 : Frou Hilarides en it Museum foar Moderne Keunsten (mei Akky van der Veer, muzyk Jaap Oosterwyk, tekeningen Laura Tietjens: Berneboekegeskink nûmer 2), 1989 : De saak Hilarides (mei Akky van der Veer, muzyk Jaap Oosterwyk, tekeningen Laura Tietjens (Berneboekegeskink nûmer 3), 1990 : Omke Siger is in liger (tekeningen Carla van der Heijde, muzyk Jaap Oosterwyk (Berneboekegeskink nûmer 4), 1994 : Buorfrou Flap hat grutte earen (tekeningen Geart Gratama, muzyk Mette Meinou Piebenga), 1997 : It swurd fan Lytse Pier (tekeningen Karin Poiesz, Aksjeboek foar bern nûmer 1), 1997 : Kadootsje yn papier, berneferskes (tekeningen Babs Wynstra, muzyk Jaap Oosterwyk), 1999 : Samar foetsy, 2001 : Lokaal 13, 2004 : De poes mei de lange sturt, 2004 : De blauwe loftfyts, 2006: Dûnsje op in hynstekont, 2008: Koesboek, 2009: Pasta pizza & patat, 2011: Snot &Triennen, 2014: Ik ek fan dy, 2016: Lytse Protter